Nestlé soe fan Boalsert ôf wolle

02 jun 2004 - 00:00

Nestlé wol it fabryk yn Boalsert ferkeapje. Dat seit CNV-bestjoerder Bosma. Nestlé wol it wurk yn Nunspeet konsintrearje. De produsint fan iten en drinken wol it fabryk wol brûke, mar der gjin eigner mear fan wêze.

It fabryk yn Boalsert is dreech te ferkeapjen om't it út twa fabriken bestiet. It is net bekend wat in ferkeap betsjut foar it persoaniel. Neffens in wurdfierder fan Nestlé is der gjin sprake fan ferkeapplannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)