Nêstkastkes yn Ljouwert

12 mrt 2011 - 12:53
  • (foto Anton Kappers)

Yn de Ljouwerter wyk Huzum-west wurde sneon sa'n tweintich nêstkastkes ophongen. It giet om in inisjatyf fan ien fan de bewenners fan de wyk, dy't der jild foar krigen hat fan de gemeente. De kastkes binne ûnder oare bedoeld foar toerswellen. Dy hawwe yn nijbou hûzen hieltyd minder mooglikheden om te nesteljen.

De kommende tiid wurde yn de wyk ek noch nêstkastkes foar oare fûgelsoarten ophongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)