Nêstflotsjes foar fûgels

10 maaie 2007 - 14:43
  • In nêstflot is net mear as pvc-buizen mei in seadde gêrs derop

Yn in natuergebiet by Aldeboarn binne op ferskate plakken saneamde nêstflotsjes foar blaustirnzen útset. De soart wurdt mei útstjerren bedrige, mar yn de Deelen briede hieltyd mear blaustirnzen. Dat komt troch it legere wetterpeil en de spesjale flotsjes.

Steatsboskbehear hat op seis plakken santich nêstflotsjes yn it wetter lein. Earder leine de flotsjes by-inoar. Troch fersprieding moat de briedplakken minder kwetsber wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)