Nêsten stirnzen en wilsters op Flylân fuortspield

10 jul 2015 - 16:58
  • In lytse stirns mei jong

De aaien en jongen fan in koloanje lytse stirnzen op de Flyhors op Flylân binne dizze wike fuortspield troch ekstra heech wetter. Datselde jildt ek foar nêsten fan de bûnte wilster. In oare wilstersoart liket it wol rêden en ek mei de wyt stirnzen en de noardske stirnzen is it goed ôfrûn. Al dizze fûgels briede ticht by it wetter wêrtroch regelmjittich nêsten fuortspiele. Dit jier like dat in kear net te gebeuren, mar is it foar guon soarten dochs ferkeard ôfrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)