Nêsten op âlde wize beskerme

16 mrt 2010 - 11:51
  • De nêsten wurde wer mei stokjes markeard

Kommend briedseizoen sille de greidefûgelnêsten op de proefbuorkerij Nij Bosma Zathe by Goutum wer op de âlderwetske wize beskerme wurde.

Der wurde wer gewoan prikjes by de nêsten set. Foarich jier is der op de proefbuorkerij eksperimintearre mei chips dy't de nêsten beskermje moasten. De brûkte apparatuer wurke goed mar de doelen wurden net helle omdat it stjoerberik fan de chips te swak wie. Trekkersjauffeurs krigen dus te let yn de gaten wêr de nêsten leinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)