Nêst see-earnen by Lauwersmar

07 apr 2010 - 14:18

Der briede see-earnen yn it gebiet by de Lauwersmar. It nêst is oan de Fryske kant. Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek fûn it. It is it tredde briedgefal yn Nederlân. Earder kamen al twa pearkes ta brieden yn Flevolân en by Zwartemeer.

It nêst wie der ferline jier ek al, mar doetiids kaam it net ta brieden. It mantsje wie noch te jong om foar neiteam te soargjen. It nêst wurdt beskerme sadat minsken de fûgels net fersteure kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)