Nêst rôffûgels leechhelle

23 jun 2009 - 09:52
  • (boarne: www.dadergezocht.nl)

De plysje siket minsken dy't sjoen ha dat in nêst mei brune hoarnskrobbers leechhelle is yn Snits. It nêst siet yn in beam oan de Swarte Brekken. De jonge rôffûgels binne nei alle gedachten deamakke.

It nêst waard geregeld kontrolearre troch de fûgelwacht. Oardel wike lyn wie de lêste kontrôle. It is al de 44ste kear dit jier dat rôffûgels ferfolge wurde. Op de webside dadergezocht.nl steane foto's fan de jonge fûgels en mear bysûnderheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)