Nêst mei tsien jonge katsjes

20 jun 2006 - 11:39

Katten krije oer it generaal nêsten mei in stik as fiif jongen. Mar poes Muppet op It Hearrefean levere snein wol in hiel bysûndere prestaasje. De ienjierrige kat smiet mar leafst tsien jongen.

Sa'n grut nêst is sels neffens de diere-arts in unikum. Foar poes Muppet binne safolle jonkjes ek hast wat tefolle fan it goeie. De bistjes wurde dêrom mei de hân byfuorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)