Nêst fan deade pup bekend, ûndersyk nei dieder trochset

15 jan 2016 - 12:29

Yn it plysje-ûndersyk nei de swier mishannele pup dy't ôfrûne tiisdei dea oantroffen waard yn it wetter fan de Potmarge yn Ljouwert, is dúdlik wurden út hokker nêst it hûntsje komt. Dizze minsken hawwe neat te krijen mei de dea fan de hûn, sa lit de plysje witte. It ûndersyk nei de dieder wurdt trochset.

By de plysje binne mear as trijetûzen reaksjes binnen kaam op de oprop nei tsjûgen. Nije tips binne noch hieltyd wolkom, sa jout de plysje oan.

Mishannele

De pup wie slim mishannele. De kop wie fan de romp helle, de ribben binne iepen seage en de yngewanten derút helle. De pup wie maksimaal seis wike âld en in krusing mei in Fryske stabij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)