Nes op It Amelân autolij

19 nov 2008 - 15:42

It gemeentebestjoer fan It Amelân wol Nes autolij meitsje. Om de bewenners en oare belanghawwenden goed foar te ljochtsjen oer de plannen is woansdeitejûn in ynformaasjegearkomste organisearre. Utfiering fan it plan betsjut dat in tal ferkearsmaatregels nommmen wurde moat.

Simmerdeis ride troch de smelle strjitsjes fan Nes bussen, taksys, auto's fan eilanners en ek fan badgasten. Bedriuwen en wenningen bliuwe yn de plannen wol berikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)