Nertsehâlder wol dochs groeie

24 jul 2013 - 20:18

Nertsehâlder Piet Blanken fan Rinsumageast docht eat dat alhiel net logysk liket. Hy wreidet syn bedriuw út wylst it Ryk besletten hat dat de bedriuwstak oer tsien jier ophâldt te bestean. Boargemaster en wethâlders fan Dantumadiel ha grien ljocht jûn foar dy útwreiding, dy't mear as in heal miljoen euro kostet. De útwreiding is nedich omdat it wetlik ferplichte wurdt om de de bisten mear romte te jaan.

Ien fan de redenen wêrom't Blanken dizze ynvestearring wol oandoart, is de rjochtsaak dy't de nertsehâlders yn Nederlân oanspand ha.

Sy wolle mei in juridyske proseduere berikke dat it ferbod op it hâlden fan nertsen fan tafel giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)