Nepwapen yn Holwert

12 okt 2010 - 10:40

Yn Holwert is moandei in man fan 31 jier oanhâlden omdat er in wapen thús hawwe soe. De plysje hie dêr in tip oer krige. In plysjeteam foel moarns syn hûs yn en arrestearre de man. Nei eefkes sykjen waard in wapen fûn. Bliken die dat it om in nepwapen gie dat krekt sa like as wie it echt.

De fertochte is meinaam nei it buro en mocht nei it opmeitsjen fan in proses-ferbaal wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)