Nepbrieven oer saak-Tingen

12 jan 2001 - 12:14

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert wol net reagearje op in artikel yn 'e Nieuwe Ooststellingwerver. De krante hat fiif anonime nepbrieven krige, dy't it opnimme foar Angelique van E. De frou wurdt fertocht fan moard op baby Tingen.

Justysje hat de brieven op fingerprinten ûndersocht, mar wol der neat oer meidiele. Oare wike tsjinnet it heger berop yn 'e saak Risanne Tingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)