Nepbom: fertochte manlju socht

02 apr 2012 - 14:53

De plysje fan Ljouwert siket twa manlju tusken de 40 en 50 jier dy't mooglik belutsen binne by it pleatsen fan de nepbom, snein yn it wetter fan de Westersingel. Geruchten dat de dieders op de nepbom in briefke achterlitten hiene, wurde troch de plysje ûntkend.

In tsjûge hie meld dat er twa manlju sjoen hie dy't in bolfoarmich ding út in boatsje wei yn it wetter lieten. De skea sil op de dieders ferhelle wurde, ek de skea by skouboarch De Harmonie dy't ûntromme wurde moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)