Nepal opnij troffen troch swiere ierdskok

12 maaie 2015 - 13:55
  • Kathmandu, Nepal
  • Kathmandu, Nepal
  • Wer swiere iedskok yn Nepal
  • Kathmandu, Nepal

Nepal is tiisdei opnij troffen troch in swiere ierdskok. Dy hie in krêft fan 7,4 op de skaal fan Richter. Dat is mar in bytsje minder as de 7.8 fan de ierdskok op 25 april dy't in ôfgryslik grutte skea oanrjochte.

De Fryske helporganisaasje Stichting Studenten en Musaharproject Nepal is aktyf yn it gebiet Gorkha goed 100 km noordwestlik fan de haadstêd Kathmandu. Neffens bestjoerslid Froukje Nijholt fan de stifting is de panyk ûnder de befolking grut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)