Nep-faktuerist oanhâlden

15 jan 2002 - 00:00

De man dy't nep-faktueren stjoerde oan ûnder oaren Fryske bedriuwen, is nei alle gedachten oanhâlden troch de plysje yn Eindhoven. It giet om in 31-jierrige Eindhovenaar. Hy wurdt derfan fertocht sa'n 50.000 nepfaktueren stjoerd te hawwen nei bedriuwen yn it hiele lân.

It faktuerbedrach wie 220 euro. Ut it plysje-ûndersyk docht bliken dat mar twa bedriuwen it jild oermakke ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)