'Neopost jout te gau dien'

20 nov 2009 - 15:19
  • Neopost jout te gau minsken dien, fynt FNV Bondgenoten

It bedriuw Neopost yn Drachten is te hastich mei de oankundiging dat it 15 arbeidsplakken skrast en dat twongen ûntslaggen nedich binne. Dat fynt FNV Bondgenoten. It fakbûn fynt dat alles op alles set wurde moat om twongen ûntslaggen foar te kommen. Neffens FNV Bondgenoten is it stânpunt fan de direksje fan Neopost prematuer.

It oerlis mei de fakbûnen moat noch komme en de ûndernimmingsried moat noch advys útbringe. It earste petear tusken direksje en fakbûnen is tiisdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)