Neitinke oer erfguod Harns

21 jul 2011 - 18:50

De ynwenners fan Harns wurde frege om mei te tinken oer de takomst fan it erfguod yn de stêd. De gemeente hat yn totaal sa'n 513 ryksmonuminten en mear as 400 byldbepalende gebouwen. Hjirmei stiet Harns yn de top 20 fan grutste monumintegemeenten fan Nederlân.

Harns wol no mei de ynwenners neitinke oer hoe't dit monumintale guod wer takomst krije kin. In sjuery sil de ideeën beoardiele en it bêste idee wint in oernachting yn in kastiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)