Neist hybride auto ek in skip

31 jul 2008 - 22:16

Yn Snits wurdt op dit stuit wurke oan de bou fan it earste hybride motorjacht fan Fryslân. Dat betsjut dat it skip farre kin op disel, mar ek op stroom út akku's.

Noch net earder is der in klassyk motorskip fan 12 meter boud dat wurket mei dizze technyk. De bou kostet 280-tûzen euro, sawat 30-tûzen mear as in gewoan motorjacht. Der wurdt subsydzje socht om dizze ekstra kosten te dekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)