Neisoargers telle mear briedende ljippen en tsjirken

13 okt 2015 - 15:22
  • Ljip

It tal greidefûgels liket te stabilisearen. Dy foarsichtige konklúzje lûkt it Bûn fan Fryske Fûgelwachten op grûn fan syn eigen registraasjesysteem. Dêr ha fûgelwachters it ôfrûne seizoen hast 100.000 waarnimmingen yn ynfierd. Neffens de sifers wiene der hast 22.000 briedende ljippen. Mar net alle aaien binne útkaam, mei troch rôfbisten en wurk op it lân.

Mei de tsjirk giet it wat better, mar mei de skries en de strânljip wat minder. It BFVW warskôget foar optimisme, want it giet noch altyd striemin mei de greidefûgels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)