Neisoargers: Delgong fan it tal greidefûgelnêsten

13 apr 2016 - 16:39

It tal nêsten fan greidefûgels leit dizze maitiid leger as oare jierren. Dat is de yndruk fan neisoargers yn it fjild. Hast alle fûgelwachten meitsje dit jier gebrûk fan in spesjale app op de mobile telefoan om it nêst te registrearjen. Foarhinne wiene gegevens oer it tal nêsten pas oan de ein fan de simmer bekend; no is fuortdaliks dúdlik hoe't it dêrmei sit.

Undersyk

Fan de ljip binne op dit stuit in goeie 4.800 nêsten registrearre. Fan bygelyks de skries binne 115 nêsten teld. Troch de aktualiteit kinne de gegevens oer in pear jier brûkt wurde foar ûndersyk. Boeren kinne de gegevens no al ynsjen, om te folgjen hoe't it giet mei de greidefûgels yn har lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)