Neisoarchdei foar greidefûgels

03 maaie 2014 - 17:24
  • Neisoarchdei BFFW: 'Fûgelbelied moat stranger'

Op de neisoarchdei fan it Bûn fan Fryske fûgelwachten is sneon nochris pleite foar strangere regels as it giet om it greidefûgelbelied yn Fryslân. De provinsje presintearret ynkoarten de nije plannen hoe om te gean mei de greidefûgels. Neffens it BFFW moatte der hurdere maatregels nommen wurde.

De neisoarchdei waard dit jier organisearre troch de fûgelwacht fan De Jouwer. De leden konstatearje dêr ek dat it net goed giet mei de greidefugel. De jongerein wie sneon goed fertsjintwurdige op de neisoarchdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)