Neisoarch Passion net nedich

10 apr 2004 - 00:00

By it neisoarchteam fan de Evangelyske gemeente De Salvator yn Ljouwert hat gjinien him melden. It team is opset om help te bieden oan minsken dy't de film The Passion of the Christ sjoen hawwe en problemen hawwe mei de wrede bylden.

Yn it foar wie al bekend dat de film troch guon minsken as skokkend ûnderfûn wurde kin. Neisoarch hâldt yn dat de tsjerke minsken helpt de bylden te ferwurkjen. It is sawol foar minsken dy't leauwe as foar net-leauwigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)