Neisoarch ljipaaien moat fral trochgean, fynt BFVW-bestjoer

17 jan 2015 - 12:54
  • Rendert Algra en Johannes Kramer op de BFVW-gearkomste yn Wurdum
  • Guon fûgelwachters hiene in roubân om...

It BFVW hopet dat de aaisikers goed oan neisoarch dwaan sille, ek al meie se dit jier net aaisykje. De Ried fan Steat hat dizze wike de ûntheffing skrast, dy't nedich is om ljipaaien mei te nimmen. Sneon komme de fûgelwachters byinoar yn Wurdum op útnoeging fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.

Foarsitter Algra hopet dat de fûgelwachters net sá frustreard binne, dat se gjin nocht mear hawwe oan neisoarch. Algra rekkenet der op dat de beskerming fan de greidefûgel sa belangryk foar de fûgelwachters is, dat se goed op de nêsten passe sille.

Dy opset slagge, de measte fûgelwachters sprutsen har op de gearkomste út foar it trochsetten fan de neisoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)