Neisleep Aldjiersnacht Garyp

07 jan 2003 - 00:00

Reboelje yn Garyp op Aldjiersnacht soarget noch altyd foar ûnrêst yn it doarp. Jongerein soe plysje en brânwacht bedrige hawwe doe't dy yngripe woe by in brân yn in leechsteand hûs. Trije jonges hawwe dêrfoar fjouwer dagen yn 'e sel sitten en moandei soene wer twa oppakt wêze.

Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel wol mei de jonges prate. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)