Neislachwurk foar skûtsjes

26 aug 2011 - 21:11
  • By de presintaasje (foto: Rob Pieter, Omrop Fryslân)

De earste eksimplaren fan it nije skûtsjeboek 'Troch de Wyn' binne freedtemiddei oanbean oan it bestjoer fran de stichting Foar de Neiteam. Utjouwerij Penn hie foar de presintaasje fan it boek keazen foar it Skûtsjemuseum yn Earnewâld.

Yn it boek wurde de ferskate fazen yn de ûntwikkeling fan de skûtsjes beskreaun. Oan it boek hawwe tal fan minsken meiwurke. Klaas Jansma is ien fan de einredakteuren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)