Neikompetysje-fuotbal

21 maaie 2003 - 00:00

Yn 'e neikompetysje fan 'e twaddeklasse snein gie Ljouwert tiisdei thús mei 5-0 ûnderút tsjin GRC Grins. Snein wûnen de Ljouwerters noch de útwedstriid fan GRC mei 1-0, mar troch it bettere doelsaldo geane de Grinzers no troch.

Burgum hie mear súkses. Burgum wûn mei 2-0 yn en fan Roden en giet troch. De folgjende tsjinstanner is WKE út Emmen. Yn 'e tredde klasse wûn Harkema Opeinde thús mei 2-0 fan Veendam 1894. LSC út Snits fersloch Neptunia mei 3-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)