Neifolging GGD-projekt

19 jul 2010 - 17:48

It RIVM fynt dat de Fryske GGD neifolging ferstjinnet mei in projekt foar famyljeleden fan minsken dy't harsels tekoart dien hawwe. Dy krije fan de Fryske GGD mear begelieding om it ferlies te ferwurkjen. It is ien fan de regionale projekten dy't lanlik as foarbyld tsjinje. By it projekt wurdt gearwurke mei GGZ Friesland.

Ut ûndersyk fan it RIVM docht bliken dat der grutte regionale ferskillen binne yn hoe't der omgien wurdt mei selsdeading.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)