Neier ûndersyk TBC-besmetting

07 sep 2004 - 16:51

De GGD yn Ljouwert stelt in neier ûndersyk yn nei in TBC-besmetting yn Ljouwert. Dy besmetting waard ûntdutsen by in man (51) út Ljouwert. Hy is opnommen en behannele yn it MCL.

Fiif oare minsken, famylje en kollega's fan de man, rekken ek besmet. It ûndersyk rjochtet him no noch op de priveekontakten fan de man. Dy wurde foar in twadde kear kontrolearre op TBC. Ek noch mear kollega's wurde ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)