Neiblusse yn Haulerwyk

21 apr 2008 - 12:18

De skea troch de grutte brân fan sneintenacht by Boelens yn Haulerwyk is mooglik noch grutter as earder tocht waard. Dat seit de brânwacht. It bedriuw yn trekker- en lânboumasjines rekke krekt nei middernacht yn de brân. In man (54) fan Haulerwyk is oanhâlden op fertinking fan brânstichting. De eigner fan it bedriuw wol oant no ta net reagearje.

Moandei moast de brânwacht noch in kear werom komme omdat der noch trekkerbannen leine te smeulen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)