Neibesteanden djip rekke troch gedicht út Dokkum

16 feb 2015 - 22:13
  • Sanne-Maike mei it gedicht by it monumint

Neibesteanden fan de yn de oarloch yn Dokkum deasketten Harm Blaauw binne djip rekke troch in gedicht fan in 14-jierrige learlinge fan it Dockinga College. Sanne-Maike Bangma hat dat gedicht foarlêzen by de jierlikse betinking by it monumint oan de Wâldwei yn Dokkum. Dêr binne yn de oarloch tweintich manlju deasketten troch de Dútsers. Harm Blaauw wie doe 27 jier. Syn frou en soan út Grins wiene by de betinking en stjoerden Sanne-Maike letter in betankbrief, dêr't sy yn skriuwe dat se djip rekke wiene troch it gedicht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)