Nei Sweden foar wetterpriis

02 sep 2010 - 21:34

Trije learlingen fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean meitsje kâns op in ynternasjonale wetterpriis. Wouter van der Wal, Evelien van Zwol en Lianne Siemensma út VWO-6 dogge nije wike mei oan de Stockholm Junior Water Prize.

Earder dit jier hiene se yn Utrecht al de titel Knappe Waterhoofden 2010 yn de wacht sleept mei in projekt oer it desynfektearjen fan wetter mei oazonradikalen. Yn de finales yn Sweden moatte se it opnimme tsjin 30 oare kandidaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)