Nei skoalle op Goedfreed

21 apr 2011 - 07:16

Foar de measte minsken stiet in ekstra lang wykein foar de doar mei Goedfreed en twadde peaskedei. Mar foar learlingen en leararen fan skoallemienskip Singelland yn Drachten leit dat oars.

Se moatte Goedfreed dochs nei skoalle ta. En dat is útsûnderlik, want de skoalle wie oant no ta altyd ticht op dizze dei. Neffens algemien direkteur Teunis Wagenaar fan Singelland moat de skoalle wol, om't se oars net útkomme mei de frije dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)