Nei Den Haag foar Esther

23 sep 2003 - 00:00

Ynwenners fan Kollumersweach hawwe tiisdei yn Den Haag aksjefierd foar Esther Uhunamure út Nigearia. Se oerlangen 4000 hantekens oan CDA-Twadde-Keamerlid Rendert Algra.

Esther wennet sûnt 5 jier yllegaal yn it doarp, want se hat gjin jildich bertebewiis. Se hat twa bern by boer Wytze van der Zwaag en is folslein ynboargere. Yn 'e Twadde Keamer waard tiisdei praat oer de ferromming fan 'e ferbliuwsregeling foar asylsikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)