Nei Brest fytse foar goed doel

14 aug 2007 - 11:02
  • Peter de Rond mei syn lisfyts

Seker fjouwer Friezen dogge dit jier mei oan de monsterfytstocht fan Parys nei Brest yn Bretanje en wer werom. It giet om in ôfstân fan 1250 kilometer, dy't yn 90 oeren ôflein wurde moat.

Peter de Rond fan Jutryp is ien fan dy Friezen. Hy docht de tocht mei de lisfyts en lit him dêrby ek noch sponsorje foar it goeie doel. Dat is yn syn gefal de stifting Sviatoslav, dy't sike en handikapte bern yn Ruslân en Tazjikistan helpt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)