Nei 3 of 4 oere minder stoarm

28 okt 2013 - 13:04
  • Boat by de haven fan Harns
  • Stoarm yn de haven fan Harns

De swiere stoarm dy't op dit momint oer Fryslân lûkt, sil nei 15.00 oere of 16.00 oere wat bekomme. Dat sei waarman Pyt Paulusma op Omrop Fryslân Radio. Op Flylân binne tige swiere wynstjitten mei útsjitters fan wynkrêft 11 metten. Mear de provinsje yn is de wyn krêft 8 oant 9. Yn it Waad- en kustgebiet kinne wynstjitten oant 120 of 130 km yn de oere foarkomme. Ferkear moat rekken hâlde mei swiere wynstjitten.

Ut de hiele provinsje komme meldings fan stoarmskea. Sa is in stik fan it dak fan de iishal yn Ljouwert ôfwaaid. Der wiene skoalbern oan it reedriden. De iishal is ûntromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)