Nei 23 jier wer nije Havank

25 feb 2008 - 18:57
  • Hans van der Kallen

Misdiedskriuwer Tomas_Ross sil it 55ste diel fan Havank skriuwe. Havank wie it pseudonym fan de Ljouwerter detectiveskriuwer Hans_van_der_Kallen, dy´t yn 1964 ferstoar.

De titel fan it boek is noch net bekend. Van_Kallen skreaun sels mear as 30 Havank boeken. Nei syn dea gie de searje fierder mei skriuwer Piter_Terpstra. De lêste Havank waard yn 1985 útbrocht. Van Havank binne mear as 10 miljoen boeken ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)