Nei 15 fleskes bier autoride

09 feb 2014 - 13:08

De Lemster plysje hat sneintemoarn betiid in 26-jierrige man út Rutten yn de Noardeastpolder dronken achter it stjoer fan syn auto betrape. De man koe gjin rydbewiis toane. Dat hie de man ferline jier al ynlevere fanwege drankriden.

Plysjes seagen dat de man tsjin fjouwer oere nachts fan in parkearterrein riden. Azemanalyze joech in útslach fan 1,7 promille. De man ferklearre sels dat er fyftjin fleskes bier dronken hie. Boppedat wie syn auto net fersekere. De plysje hat proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)