Nei 10 jier nijbou Easterein

29 sep 2006 - 18:48

Easterein krijt der nei 10 jier einliks wer nije huzen by. Kommende moandei wurdt de earste peal slein foar it projekt De Boomgaard. Dit projekt is opsetten troch de gemeente Littenseradiel yn gearwurking mei in boubedriuw út Easterein.

Troch ferskillende omstannichheden hat it hast 10 jier duorre foardat men los koe, mar no is it dan sa fier en krijt Easterein der 28 nije wenten by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)