Negerman wint heale maraton

25 maaie 2008 - 16:35
  • Erik Negerman ûnderweis
  • By de finish

Erik Negerman fan Hilversum hat snein de heale maraton fan Ljouwert wûn. Twad waard Alex van der Meer en tred Saher Youssef fan It Hearrenfean. Mariska Kramer fan Drachten waard earste by de froulju, folge troch Yvonne Kassenberg en Ilona Kruis.

De maraton is goed ferrûn, der diene har gjin ûngemakken foar. Der wiene 3300 dielnimmers, 300 mear as ferline jier. Der wiene op syn minst likefolle besikers as ferline jier. Ek de sûne merk by de Aldehou waard goed besocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)