Negerman wint cross Bakkefean

14 des 2003 - 00:00

De twadde wedstriid fan it Frysk Crosscircuit is snein yn Bakkefean wûn troch Erik Negerman. De Boalserter, dy't tsjintwurdich yn Groet wennet, rûn de 10 kilometer yn 32,10 minút. Peter Visser fan Pasloo waard 21 sekonden letter twad en Erik Niemijer fan Nordhorn einige 5 tellen letter tred.

By de froulju, dy't 4 km rûnen, waard Andrea Deelstra fan Dwingeloo earste. Maaike Hornstra fan Jellum waard twad en Yvonne Kassenberg fan Burgum tred.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)