Negatyf swimadvys wer ynlutsen

25 jul 2012 - 20:14
  • Poatsjebaaiers yn 'e Waadsee by Harns

De provinsje hat it negative swimadvys foar it Harnzer strân yn Harns wer ynlutsen. It swimwetter foldocht wer oan de noarmen. Neffens de provinsje kin elk der wer feilich swimme.

Ein ferline wike waard it negative advys útjûn, omdat der tefolle skealike baktearjes yn it wetter sieten. Dy wiene neffens de provinsje ûntstien troch de hurde súdwestewyn fan de lêste tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)