Negatyf swimadvys Griene Stjer

24 aug 2001 - 00:00

De provinsje en wetterskip Fryslân jouwe in negatyf swimadvys foar de Griene Stjer yn Ljouwert. Der sitte neffens it wetterskip tefolle blau-algen yn it wetter. Swimme yn blau-algen kin liede ta hûdyrritaasjes en wurdt dêrom ôfret.

It is dizze simmer foar it earst dat der yn Fryslân blau-algen oantroffen binne op in offisjeel swimplak. It tal algen by Ljouwert is dizze wike bot tanommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)