Neeltje Jacoba is 'rôversguod'

02 jan 2004 - 00:00

Ferskate âldjiersploegen hawwe besocht de rêdingsboat Neeltje Jacoba foar in nijiersstunt te stellen. Dat seit foarsitter Hans Roosendaal fan de Stifting Neeltje Jacoba 1929. De âldjiersploech Frijsteat De Folgeren fan Drachten krige de eare de boat út de haven fan Enkhuzen op te heljen.

De boat dy't letter fan topkrimineel Klaas Bruisma wie, hat eartiids in soad minskelibbens rêden. It skip giet foar ûnderhâld nei Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)