Needwinkel Goederenbank iepen

21 aug 2010 - 13:48

In moanne nei de grutte brân by de Goederenbank yn Ljouwert is sneon de needwinkel fan de bank offisjeel iepene. De winkel is ûnderbrocht yn de gymnastykseal fan in eardere skoalle foar fuortset ûnderwiis oan de Brandemeer.

Yn de nacht fan 19 op 20 juli baarnde it gebou fan de Goederenbank folsein út. Fuort dêrnei giene minsken fan de Goederenbank op syk nei in nije lokaasje. Dy soe yn de Adelaarstsjerke yn Bilgaard komme, mar dat slagge net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)