Needwetterôffier yn Minnertsgea

15 okt 2002 - 00:00

De gemeente It Bildt leit in needwetterôffier oan by de Tilledyk yn Minnertsgea. Begjin augustus streamden hûzen oan de Tilledyk ûnder wetter nei ekstreem reinwaar.

Bewenners hiene foar tûzenen euro's skea. De gemeente lit no ûndersyk dwaan nei it rioelearringssysteem. As needoplossing wurdt in spesjale ôffier- foarsjenning oanlein lâns de strjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)