Needsoerstof yn brânwachtauto

27 mrt 2009 - 13:45

De alve brânwachtkorpsen yn Noardwest-Fryslân dogge mei oan in proef mei soerstofflessen. Yn guon gefallen is de brânwacht der earder as de ambulânse en dan kinne brânwachtlju alfêst begjinne mei it jaan fan soerstof. Dit is fan grut belang by bedriging fan de bloedsomrin en de sykhelling.

De proefperioade duorret in heal jier. It is in gearwurking mei ûnder oare Kijlstra Ambulancegroep Fryslân. De brânwachtminsken hawwe ynstruksjes hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)