Needsaak fjoertoerwachters

17 jun 2010 - 19:59

Op Skylge en Skiermûntseach bliuwe fjoertoerwachters nedich. Dat tinkt de feriening fan Waadfarders. Om dat oan te toanen docht de feriening in oprop oan boatsjefarders om ynsidinten te melden. It giet om situaasjes dy't net of minder goed ûntdutsen wiene as der allinnich gebrûk makke wie fan elektroanyske apparatuer.

Rykswettersteat wol de fjoertoerwachters ferfange troch in seeferkearssintrale mei kamera's en radarapparatuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)