Needreparaasjes oan wegen

12 mrt 2010 - 15:23

De needreparaasjes oan 'e stikkenferzen Fryske diken binne hast klear. Dit wykein binne de lêste herstellings. De diken binne der min oan ta troch de froast. De spoaren fan trije moanne froast en tonnen struisâlt binne op guon plakken goed te sjen. Benammen it ZOAB-asfalt giet gau stikken by winterwaar.

Provinsjale en gemeentlike diken lykje der noch minder oan ta as de rykswegen. De echte reparaasjes binne tsjin de simmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)