Needpomp by gemaal Iezumasyl

22 okt 2010 - 10:08

It wetterskip hat in needpomp ynset om de bemealling troch it gemaal by Iezumasyl trochgean te litten. De maatregel is nedich omdat ien fan de trije pompen fan it gemaal stikken is.

De ferwachting is dat dat probleem oer in wike as seis ferholpen is. Troch de stikkene pomp driget ien fan de daamwanden fan it gemaal yn te sakjen. Om foar te kommen dat minsken dêr de dupe fan wurde is it terrein om it gemaal hinne ôfset. De daamwand wurdt net earder as yn 2011 ferfongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)